Sipke Hulshoff: ''In swiere, mar terjochte oerwinning''

16 jan 2018 - 11:11

''De rein bleau lizzen op it fuotbalfjild, de wyn waaide om ús hinne, mar de punten wienen posityf!'' Dat sei trainer Sipke Hulshoff nei ôfrin fan de wedstriid tsjin Jong AZ yn Alkmaar. Sportklup Cambuur pakte dêr foar de twadde kear yn fjouwer dagen de winst. ''De omstannichheden wienen frij swier, mar dit is úteinlik in terjochte oerwinning foar ús'', neffens Hulshoff.

''De earste helte wie hiel matich. It wie dreech om yn balbesit te bliuwen. Yn de twadde helte hawwe wy it folle better oppakt. Wy wienen frij kritysk yn de rêst, mar dêrnei waarden wy better.'' Dochs wie it foar Cambuur noch wol saak skerp te bliuwen. ''1-0 bliuwt 1-0. Der hoecht mar wat te barren, en dan leit de bal der wer yn'', sei Hulshoff.

Mentale wedstriid

Foar Kevin van Kippersluis spile de striid him benammen yn de kop ôf. ''Dit zijn hele mentale wedstrijden'', sa seit de oanfallende middenfjilder. ''Het zit vooral in de kop, deze moet je op karakter winnen. Het was geen hoogstaande wedstrijd, maar we hebben de aansluiting nu weer te pakken. We hebben afgesproken dat de standaard omhoog moet, dat we punten moeten pakken. De eerste helft was niet om aan te gluren, maar de punten zijn binnen en op naar de volgende wedstrijd tegen Jong Ajax.''

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal Jong AZ
(advertinsje)
(advertinsje)