Clermonts wint yn 'e Kompenije

09 jun 2012 - 17:15

De achtste edysje fan de Omloop fan 'e Kompenije is sneon wûn troch Glenn Clermonts út Bellingwolde. Yn in lange einsprint wie Clermonts de rapste fan in kopgroep, mei dêryn de Friezen Jan Bos, Bart Rijpma, Fokke Postma en Engbert de Vegt. It twadde plak gong nei Peter Schulting út Emmeloord, Jan Bos fan Bontebok waard tredde.

Yn ferbân mei de fuotbalwedstriid Nederlân-Denemarken wie de rûte ynkoarte ta ûngefear 90 kilometer.

(advertinsje)
(advertinsje)