Nije koälysje moat ein meitsje oan politike ûnrêst It Amelân

16 jan 2018 - 08:48

De gemeente Amelân hat moandeitejûn in nij kolleezje oansteld. De fraksjes fan Algemeen Belang Ameland (ABA), CDA, PvdA en VVD foarmje de nije koälysje. Piet IJnsen (ABA) en Joop Lodewijks (CDA) binne as wethâlders beneamd. Binnen de eardere koälysje fan Algemeen Belang Ameland en Ameland '82 wie foarige wike ûnrêst ûntstien, doe't bekend waard dat in riedslid fan ABA nei de ferkiezings in oerstap meitsje wol nei de CDA. Ameland '82 sei dêrom it fertrouwen op.

In wike letter is dy partij lykwols yn de opposysje bedarre. Fraksjefoarsitter Rudolf Teuben fan Ameland 82 neamt it 'beschamend' dat harren wethâlder Peter Pot op dizze wize ôfskied nimme moat.

(advertinsje)
(advertinsje)