Ried kiest foar nij MFA op De Gordyk

16 jan 2018 - 08:15
  • Wethâlder Anko Postma fan gemeente Opsterlân oer plannen De Skâns

De Gordyk krijt in nij gebou dêr't kultureel sintrum De Skâns en twa skoallen ûnderdak yn krije. Dat hat de ried fan de gemeente Opsterlân moandeitejûn lang om let besletten. Der is keazen foar it senario om in nij gebou del te setten dêr't ek in nije basisskoalle en de fernijde Boargemaster Harmsmaskoalle (BHS) en de nije De Skâns plak yn krije.

De planning foar de nijbou is dat de basisskoalle oan it begjin fan skoaljier 2019-2020 úteinsette kin. Medio 2020 moat de fernijbou fan de BHS en de nijbou fan De Skâns klear wêze.

(advertinsje)