Kollum: "Laitsje is it medisyn"

16 jan 2018 - 07:30
  • Kollum Willem Schoorstra

"De koppen mei 'Galgenhumor' wiene allegear foar iepen goal, en allegear wier. Ik ha it oer de spektakulêre ûntdekking fan in ferlern tocht filmfragmint fan Stan Laurel. Yn in flok en in sucht wie it wrâldnijs. Dat liet sjen hoe grut de ympekt fan it lettere duo Laurel en Hardy west hat. En noch hieltyd is, ek al binne der generaasjes dy't der net mear mei opgroeie: De Dikke en de Dunne sitte ferankere yn it bewustwêzen fan de minskheid.

Yn de dagen tusken kryst en âld&nij hie ik noch oan it yllúster duo tocht. By in besite oan it allike yllústere Dokkum kamen wy by de Ealsumerpoarte in man en in frou yn 'e mjitte. Hy rûn mei de hannen yn de bûse en seach ferfeeld nei de stoeptegels, sy hie in tas yn eltse hân en seach sa no en dan fansiden. Yn de lêste meters dy't ús fan it stel skieden klonk ynienen in ûnhuerige klap. In ein achter it stel hie in groep jeugd fjoerwurk ôfstutsen. De klap dy't dy fan in granaat belike galme alderheislikst tusken de hûzen. As gefolch dêrfan luts de man de hannen út de bûse en begûn dermei te wapperjen. Hy die my tinken oan in strúsfûgel dy't fleane woe, en net troch hie dat syn wjokjes te lyts wiene. Tagelyk makke er bewegings mei it lichem dêr't Michael Jackson yn syn gloarjetiid jaloersk op west hie. Syn frou besocht ûnderwilens rjochtstannich op te stigen. Dat slagge mar heal: se bleau op in sintimeter of fyftjin boppe de grûn hingjen, foar 't neist troch it gewicht fan beide tassen.

Doe't wy harren foarby wiene hie ik de triennen yn de eagen. Net fan ellinde, mar fan leedfermaak. Ik wie sels ek kjel wurden, en toch soargen de skrikreaksjes fan it stel derfoar dat ik pine yn 't liif fan it laitsjen hie.

Dat wie it momint dat ik oan Laurel en Hardy tinke moast. By de films fan De Dikke en de Dunne laket men ek om de meast freeslike saken. Om fysyk ûngemak, om it knoffelige, om de absurde sitewaasjes dêr't minsken harsels yn manoeuvrearje kinne. Nei alle gedachten is it krekt dat gekke, selsferneatigjende hâlden en dragen, it prippen yn de eagen en it knipen yn de noas, de fernimstigens, en de grutte plannen dy't op in noch gruttere wize mislearje, wêrom't elkenien him yn De Dikke en de Dunne weromkenne kin. Troch harren laitsje wy om ússels.

Tagelyk is it ek sa dat der yn alle gaos en ûnheil in elemint sit dat ús hope jout. De Dikke en de Dunne ferienigje nammentlik it bêste en it minste dat de minske ta in minske makket. Troch de naïvens en de ûnskuld fan Laurel en Hardy jouwe se ús de mooglikheid om keihurd om de ûnearlikens en de wiffens fan it libben te laitsjen. Yn it besef dat op ien of oare wize op in dei alles toch noch goed komme kin.

Uteinlik giet it oer it minsklik tekoart. Dat is wat wy werkenne, dat is wêrom't wy troch harren om ússels laitsje kinne. En laitsjen is yndie it alderbêste medisyn foar ús minsk-wêzen."

(advertinsje)