Friezen drage royaal by oan tv-programma 'Wegmisbruikers'

16 jan 2018 - 07:18

It ferkearsteam fan de plysje yn Noardwest-Fryslân hat de ôfrûne wike fjouwer rydbewizen ynnaam en 148 prosessen-ferbaal útdield. It giet om fergripen lykas it net dragen fan de autoriem, in te hege snelheid, it brûken fan de tillefoan ûnder it riden en de technyske steat fan oanhingweinen. It telefyzjeprogramma 'Wegmisbruikers' fan SBS6 hat opnamen makke fan de kontrôles.

(advertinsje)