Superbus Ockels komt troch fraudesaak net nei Duinen Zathe

16 jan 2018 - 06:37

De superbus fan âld-astronaut Wubbo Ockels komt net nei attraksjepark Duinen Zathe yn Appelskea. Neffens it Dagblad van het Noorden sjocht de TU Delft der fan ôf no't der in fraude-ûndersyk rint tsjin de Bikkel Groep, dêr't it park ûnderdiel fan is. Dat der fiergeande plannen wiene om de superbus nei Appelskea te heljen waard moandei dúdlik yn de rjochtsaak tsjin de twa direkteuren fan de Bikkel Groep.

De FIOD die yn 2016 in ynfal by it bedriuw. De superbus giet no nei it Transport Museum yn Lelystêd. De superbus foar 23 passazjiers koe in snelheid fan 250 kilometer helje en hie op de A7 ride moatten, mar yn de praktyk die bliken dat dy plannen net helber wiene.

(advertinsje)
(advertinsje)