Akkoart oer nije cao iepenbier ferfier

15 jan 2018 - 23:01

De fakbûnen hawwe in akkoart berikt oer in nije cao foar wurknimmers yn it iepenbier ferfier. Dat is bekend makke troch it fakbûn CNV Vakmensen. Yn de nije cao binne ôfsprakken makke oer in leansferheging fan 8,3 persint yn trije jier, fermindering fan de wurkdruk, de rol fan útstjoerkrêften en oplieding.

Sjauffeurs út it iepenbier ferfier staakten earder dit jier massaal foar in nije cao. Dêrby wie de hege wurkdruk, njonken in leansferheging, ien fan de wichtichste punten. Sjauffeurs kleie deroer dat se hast gjin tiid ha om te pisjen as dat nedich is.

Neffens Sanne van der Meulen fan it CNV hat de staking fan ferline wike dúdlik fertuten dien. "Mei tank oan de staking is de boel wer yn beweging kaam", seit se. Se neamt it resultaat dat no berikt is fertsjinne.

De nije cao jildt foar 12.000 wurknimmers yn de iepenbier ferfier-sektor.

(Advertinsje)
(Advertinsje)