Douwes fan nominaasjelist Vrouw in de Media Award helle

15 jan 2018 - 22:57

De organisaasje fan de Vrouw in de Media Award hat Jenny Douwes fan Drachten fan de list mei nominearren ôfhelle. Neffens Janneke van Heugten, lid fan de organisaasje, wie der net genôch bekend oer de achtergrûn fan Douwes.

Jenny Douwes kaam yn desimber wiidweidich yn it nijs by de blokkade fan it Swarte Pite-protest by De Jouwer. Neffens Van Heugten wie Douwes by de organisaasje foardroegen omdat se bern beskermje woe by it protest. Van Heugten koe Jenny hielendal net. Doe't se op syk gong nei ynformaasje, waard al gau dúdlik dat Douwes in soad yn de media west hie. Dat like har genôch om har op de list fan nominearren foar de award te setten.

Neffens Van Heugten die letter bliken dat der mooglik in ferbân is tusken de rol fan Douwes by it protest en eventuele strafbere feiten, lykas it blokkearjen fan de iepenbiere dyk, it feroarsaakjen fan gefaar op de dyk en it tsjinhâlden fan in demonstraasje. Omdat it ûndersyk dêrnei nei alle gedachten net klear wêze sil foar de útrikking fan de award (mids febrewaris), hat de organisaasje besletten om de nominaasje yn te lûken, seit Van Heugten. Neffens har hat dat neat te krijen mei de eventuele miening dy't Douwes derop neihâldt of druk dy't op de organisaasje útoefene is.

Van Heugten jout wol ta dat se skrokken en skokt is troch de grutte oandacht foar de nominaasje fan Jenny en it ynlûken hjirfan op de sosjale media.

(advertinsje)
(advertinsje)