Mear bern mei slimme klachten troch drinken enerzjydrank

15 jan 2018 - 22:32

Bernedokters sjogge hieltyd faker bern tusken 13 en 18 jier mei slimme klachten troch it drinken fan enerzjydrank. Dat sei Brita de Jong fan it MCL moandei yn it radioprogramma Weistra op wei. De klachten binne bygelyks rêsteleazens, sliepproblemen en stress. Der moat, as it oan de bernedokters leit, mear bewustwêzen komme dat de drankjes net ûnskuldich binne. Dêrom wolle se in ferbod.

De Jong is bliid mei de oandacht dy't de oprop moandei krigen hat. "Het is belangrijk dat de kinderen ervan bewust zijn wat ze drinken, maar ook de ouders en de artsen."

Steatssekretaris Blokhuis fan Folkssûnens sjocht in ferbod net sitten, mar De Jong tinkt dat nedich is om minsken ynsjen te litten hoe skealik it is: "Als voorlichting niet helpt, dan moet je toch verdere stappen ondernemen." Se sjocht bern op de earste help binnenkommen mei ûnder oare hertsteurnissen. "Ik hoop dat ik minder patiënten zie op de eerste hulp, dat is het belangrijkste."

Trefwurden: 
Brita de Jong enerzjydrank
(advertinsje)
(advertinsje)