Cambuur wint mei lyts ferskil by Jong AZ

15 jan 2018 - 22:00

Sportklup Cambuur hat foar de twadde kear yn fjouwer dagen wûn. Moandeitejûn wûn de ploech fan Sipke Hulshoff op besite by Jong AZ mei 0-1. Xander Houtkoop makke yn de twadde helte de iennige goal op it buiïge trainingskompleks fan AZ yn it Noard-Hollânske Wijdewormer.

De earste grutte kâns fan de wedstriid wie foar Cambuur. Nigel Robertha hie skoare moatten op oanjaan fan Kevin van Kippersluis, mar hy rekke de bal net goed. Dêrnei wienen de grutste kânsen foar Jong AZ. Benammen yn de lêste pear minuten foar it skoft waard de thúsploech in pear kear gefaarlik, nei't Cambuur slordich mei de bal omgie.

Betiid yn de twadde helte wie Jong AZ op 'e nij ticht by de earste goal. Cambuur-keeper Erik Cummins koe mei de foet de goal fan Kai Koreniuk ferhinderje. Nei in lyts kertier spyljen yn de twadde helte kaam Cambuur op foarsprong. Xander Houtkoop profitearre fan in flater by Jong AZ en leppele de bal oer keeper Nick Olij. Dêrnei moast Cummins syn ploech wer rêde, by in hurd skot fan Jelle Duin. Robertha tocht fiif minuten foar tiid dien wurk te meitsjen, mar syn goal waard ôfkard om't er bûtenspul stie. Dêrom bleau it spannend, mar Cambuur hold de foarsprong fêst.

Jong AZ - Cambuur: 0-1 (0-0) 57. Xander Houtkoop 0-1

Opstelling Cambuur: Erik Cummins; Sai van Wermeskerken, Matthew Steenvoorden, Robbert Schilder, Jordy van Deelen; Mathias Schils, Martijn Barto, Xander Houtkoop (81. Darren Rosheuvel); Justin Mathieu (88. Alvin Daniels), Nigel Robertha, Kevin van Kippersluis (90+1. Marvin Peersman)

Trefwurden: 
SC Cambuur Jong AZ
(advertinsje)
(advertinsje)