Epke nei rek- en brêgefinale

09 jun 2012 - 16:56

Turner Epke Zonderland hat him sneon by de Challenger Cup yn it Belgyske Gent mei gemak pleatst foar de finale op de ûnderdielen rek en brêge. Yn de kwalifikaasjeoefening kaam Zonderland op it rek út op in skoare fan 15.575 punten. Op brêge helle er 15.275 punten.

Snein sil de turner fan It Hearrenfean him opnij bewize moatte yn de finales op beide ûnderdielen.

(advertinsje)
(advertinsje)