Boargemaster Waanders: "Gjin spyt fan Sinteklaasyntocht"

15 jan 2018 - 21:51

Boargemaster Marga Waanders fan Dongeradiel hat gjin spyt fan de yntocht fan Sinteklaas, foarich jier yn Dokkum.

De yntocht hat net allinnich goed 100.000 euro mear koste, it soarge ek foar ûnrêst tusken foar- en tsjinstanners fan Swarte Pyt. Dochs soe Waanders Dokkum sa wer oanmelde foar sa'n evenemint, sa sei se moandeitejûn yn It Polytburo, ek al komt Dokkum foarearst fansels net wer yn 'e beneaming. Neffens har weaget de media-belangstelling wol op tsjin de kosten en de ûnrêst.

(Advertinsje)
(Advertinsje)