Keeper Martin Hansen werom by Hearrenfean

15 jan 2018 - 21:01

De Deen Martin Hansen komt werom by Sportklup Hearrenfean. De 27-jierrige keeper wurdt oant de ein fan it seizoen liend fan FC Ingolstadt 04 út Dútslân. De hieroerienkomst giet direkt yn.

Hansen kaam ein augustus fan it ôfrûne jier ek al foar in healjier op hierbasis nei Hearrenfean, fanwegen de blessuere fan earste doelman Warner Hahn. Dat is no opnij it gefal.

(advertinsje)
(advertinsje)