Haadtrainer Chris de Wagt fuort by ONS Snits

15 jan 2018 - 20:26

Fuotbaltrainer Chris de Wagt ferlit oan 'e ein fan dit seizoen treddedifyzjonist ONS Snits. Mooglik dat De Wagt definityf oerstap makket nei Jong SC Hearrenfean, dêr't er no al trainer is. De âld-fuotballer sil mei de Feansters yn petear om dêr yn fêste tsjinst te kommen. "Ik moast ONS dúdlikheid jaan en ha wol fertrouwen dat it mei Hearrenfean rûn komt. Mar it docht wol pine dat ik ONS ferlitte sil", fertelt De Wagt.

Ien en oar betsjut dat ONS op syk moat nei in nije haadtrainer. De Wagt wie fan de simmer fan 2017 ôf haadtrainer by de Snitsers.

(advertinsje)
(advertinsje)