Soad belangstelling foar stâl Jurre 495

15 jan 2018 - 19:55

Jelmer Chardon en syn frou Anita fan Jorwert binne alwer drok oan it wurk. Echt tiid om nei te genietsjen nimme de eigeners fan de hynst Jurre 495 net. Jurre wûn ôfrûne sneon de hynstekeuring foar de twadde kear op rige, mar der komt net in grut feest. De Chardons witte wat nedich is om oan de top te kommen en dêr ek te bliuwen, fertelt Jelmer. En dêrom binne se al gewoan wer oan it wurk.

In soad belangstelling foar harren stâl wie der wol de ôfrûne dagen. Op de iepen dei, dêr't de hynsten fan stâl Chardon te sjen wienen, kamen ôfrûne snein hûnderten minsken ôf. En it reint telefoantsjes mei felisitaasjes en reservearrings foar sied fan Jurre en de oare tophynsten, fertelt Chardon. De oerwinning betsjut dat der wer ynvestearre wurde kin yn bygelyks nije foallen. En dat is fan grut belang foar de takomst.

Trefwurden: 
Jurre 495 hynstekeuring
(advertinsje)
(advertinsje)