Tresoar yn 2018: Sssstt...! Hjir flústeret de tiid

15 jan 2018 - 17:15

Tresoar hâldt sneon 3 febrewaris iepen hûs en lit sjen wat dêr allegear yn it ramt fan Lân fan taal bart. Mei it motto 'Sssstt...! Hjir flústeret de tiid' is Tresoar in jier lang folop dwaande mei it fertellen fan it ferhaal fan de Fryske kultuer, literatuer en skiednis. Mei nije middelen, grutte LED-skerms en fjouwer meter hege 'poëzymasines' presintearje dichters en keunstners it hiele jier troch harren wurk en wurdt it ferhaal fan de fisuele poëzy yn Fryslân en Europa ferteld. Ek binne der it hiele jier útstallingen, lêzingen en aktiviteiten. Sa kinne besikers de topstikken fan Tresoar bewûnderje, nei it midsiuwske Aldfrysk harkje en draaie der boeiende films yn de Histobios.

Histoarysk Reisburo

Yn de spesjaal ynrjochte romte yn it gebou fan Tresoar kinne besikers telâne by it Histoarysk Reisburo mei fragen oer harren Fryske foarâlden. Wa wiene sy? Hoe seagen harren libbens der út? Mei help fan de nij ûntwikkele online Roots Guide makket de besiker in eigen persoanlike histoaryske reisgids om sa yn de fuotstappen fan syn of har foarâlden te treden. 

Trefwurden: 
Lân fan taal Tresoar
(advertinsje)
(advertinsje)