Stapper rint brutsen noas op by kroechútsetting

15 jan 2018 - 16:23

In 22-jierrige ynwenner fan de gemeente Ljouwert wol oanjefte dwaan tsjin de befeiliger dy't him yn de nacht fan sneon op snein út de Ljouwerter kroech Shooters set hat. Dêrby hat de man syn noas brutsen. Hy hat oanjefte dien fan mishanneling. De kroechbaas seit in ûndersyk yn te stellen nei de tadracht. "Morgen zullen wij de camerabeelden bekijken en in gesprek gaan met het beveiligingsbedrijf / de politie", skriuwt er op Facebook.

Op Facebook is in soad opskuor oer it hanneljen fan de befeiliger. Neffens de plysje mei in befeiliger fan in kroech geweld brûke om in persoan oan te hâlden, mar is dêrby de betingst dat dêrnei sa gau as mooglik de plysje warskôge wurdt. It geweld mei net bûtenproporsjoneel wêze.

(advertinsje)
(advertinsje)