Libbensgrutte projeksjes op Aldehou yn hiel 2018

15 jan 2018 - 15:41

De Aldehou yn Ljouwert is yn 2018 it dekôr foar libbensgrutte projeksjes. Fjouwer kear giet in multydissiplinêr, meartalich fideokeunstwurk yn premjêre. De projeksjes binne alle tongersdei- oant en mei sneintejûnen fergees te sjen, fan 1 febrewaris oant en mei 25 novimber. De begjintiid is ferskillend, ôfhinklik fan it stuit dat de sinne ûndergiet.

Lân fan taal, grut programmaûnderdiel fan Leeuwarden-Fryslân Kulturele Haadstêd fan Europa, hat dêrta opdracht jûn oan fjouwer ferskate kombinaasjes fan Fryske en oarstalige komponisten, taalkeunstners, muzikanten, filmers en fideokeunstners. Under harren binne Herman van Veen, Rodaan Al Galidi en Tsead Bruinja. Troch op it plein krêftige projektoaren en speakers del te setten, wurdt elke projeksje in totaalbelibbing.

Tsead Bruinja

It earste fideokeunstwurk 'Foarlopich lân / Voorlopig land' giet op freed 2 febrewaris om 20.00 oere yn premjêre. Fan de tribune fan it nije taalpoadium Obe ôf en fierder op fan it Aldehoustertsjerkhof is de mienskiplike produksje te sjen fan dichter Tsead Bruinja, sjonger /kabaretier Herman van Veen en byldzjend keunstner Jules van Hulst. Te sjen is in tydlik lânskip dêr't de wyn flarden ferhaal yn bringt en personaazjes eksistinsjele fragen stelle. Van Veen skreau elektroanyske muzyk by de gedichten fan Bruinja en draacht teksten foar. Van Hulst makke in symboalyske en figurative byldkollaazje.

Tsjêbbe Hettinga

Op freed 13 april is de premjêre fan it twadde fideokeunstwurk. 'Weagen / Waves / Wellen' giet oer muzyk as wichtichste taal, muzyk as poarte ta bylden, roken en oantinkens. Sintraal stiet de konfrontaasje fan de Fryske gedichten en stim fan Tsjêbbe Hettinga en de Arabyske gedichten en stim fan Rodaan al Galidi. Ek komme Nederlânske, Dútske en Ingelske stimmen yn weagen by inoar, wêrtroch't it in mear as meartalich keunstwurk is. Kinetophone en sjongeres Élénie Wagner sette de gedichten op muzyk, yn regy fan René Duursma. De gedichten likegoed as de muzyk roppe oantinkens op. Om dat fuort te sterkjen wurde bylden út it Fries Film Archief brûkt, yn in poëtyske animaasje fan Antonia Rehnen.

Dialooch mei de natuer

Op freed 27 july is it wurk te sjen fan sjongeres/dichter Nynke Laverman, komponist/slachwurker Sytze Pruiksma en fideokeunstner Douwe Dijkstra (fan kollektyf 33 1/3). Se meitsje in poëtyske minyfilm oer de taal fan de minske fersus de taal fan de natuer. Wy kinne ús geweldich útdrukke, mar fersteane wy de natuer noch wol? Binne wy yn dialooch mei ús boarne? Laverman skriuwt yn it Frysk in nij liet en in nij gedicht, dy't ôfwikseljend foarby komme yn dizze surrealistyske film oer in frou dy't har stadich en letterlik út de minskewrâld weromlûkt. It Frysk sil de konfrontaasje oangean mei in oare taal, nei alle gedachten it Spaansk. 

Keninkrykstalen

It fjirde en lêste fideokeunstwurk is te sjen fan 5 oktober ôf. Muzyk- en wurdkollektyf VANTA - besteande út sjongeres Amber Nijman, perkusjonist Vernon Chatlein en 'spoken wurd' artyst Juan-Carlos Goilo - dûke yn de fjouwer keninkrykstalen. Wat binne oerienkomsten yn de âldste skreaune gedichten út de 'bovenwindse' Karaïbyske eilannen (yn it Ingelsk), de 'benedenwindse' Karaïbyske eilannen (Papiamintsk), Fryslân en Nederlân. VANTA wurdt foar de gelegenheid oanfolle mei in neier bekend te meitsjen artyst.

Lân fan taal rjochtet binnen Leeuwarden-Fryslân Kulturele Haadstêd fan Europa 2018 in frijsteat op foar alle talen fan de wrâld. Yn Lân fan taal wurdt de taal fierd mei tentoanstellingen, ynstallaasjes, 'videomapping', taalobjekten, festivals en in meartalich programma mei skriuwers, dichters en muzikanten. Yn it hert fan Lân fan taal, op it Aldehoustertsjerkhof yn Ljouwert, is spesjaal it earste taalpoadium fan Nederlân delset: Obe.

(advertinsje)
(advertinsje)