Wurkstraf foar frou dy't swart wurke mei in útkearing

15 jan 2018 - 15:13

In frou fan 68 út Drachten moat in wurkstraf fan 100 oeren dwaan, omdat se wurke wylst se in útkearing krige. De frou makke op trije adressen skjin. Nei alle gedachten fertsjinne se dêr sa'n 400 euro yn 'e moanne mei.

Neffens de gemeente wurke de frou al sûnt 1982 swart, se moat dêrom rom 100.000 euro oan te folle krigen bystân werombetelje. De rjochtbank hat him by it bepalen fan de wurkstraf rjochte op de lêste njoggen jier.

De frou sels seit dat se byfertsjinne om út de skulden te kommen.

Trefwurden: 
swart wurkje wurkstraf
(advertinsje)
(advertinsje)