Autoferkear op de Ofslútdyk rydt wer

15 jan 2018 - 15:03

Autoferkear dat fia de Ofslútdyk fan Fryslân nei Noard-Hollân wol, kin wer oer de noardbrêge by de Stevinslûzen. De brêge wie stikken, mar is wer makke. Der stiet noch wol in lange file op de Ofslútdyk, mei sa'n oardeloere fertraging foar it ferkear. Frachtferkear kin no ek oer de brêge.

Earder moandeitemiddei hie Rykswettersteat in trochgong makke nei de súdbrêge, sadat auto's der dêr oerhinne koene. Frachtweinen mochten der doe noch net oerhinne. It is noch net bekend wat no krekt de oarsaak fan de steuring oan de brêge wie.

(advertinsje)
(advertinsje)