Omrop TIP: PietCast #9 Hoefolle giet de seespegel omheech?

15 jan 2018 - 14:28

It waar, ien fan de ûnderwerpen dêr't it measte oer praat wurdt. Foar de minsken dy't ynteressearre binne yn mear as allinne de foarsizzing foar de kommende dagen, is der de PietCast. In podcast mei waarman Piet Paulusma. Yn de nijste ôflevering stiet klimaatferoaring sintraal. Want ja: hoe sit it mei de stiging fan de seespegel en watfoar gefolgen hat dat foar Fryslân?

Yn ôflevering 9 binne Piet en Wim by it Deltacongres yn Ljouwert. Hoe stiet it mei de klimaatferoaring? Wat binne maatregels dy't nommen wurde kinne en is der eins in échte oplossing? Dat wurdt der allegearre bepraat op it kongres en yn de PietCast dy't hjirboppe te beharkjen is.

Ien kear yn de trije wiken dûkt Wim Brons tegearre mei Piet djipper it waar yn. Hoe komt Piet oan syn ynformaasje? Krije we ea noch in Alvestêdetocht? Hoe tinkt Piet oer de opwaarming fan de ierde? Allegearre ûnderwerpen dy't oan 'e oarder komme kinne yn de podcasts oer it waar.

De PietCast is te finen yn iTunes. Of yn dyn eigen favorite podcastprogramma fia RSS. Alles oer it waar is fansels te finen op Omropfryslan.nl/waar.

(advertinsje)
(advertinsje)