Laaksumer haven 100 jier

09 jun 2012 - 16:11

Yn Laaksum is freed en sneon it 100-jierrich bestean fan de haven dêr fierd. Nettsjinsteande it minne waar kamen der tûzenen minsken op ôf. Dat soarge foar grutte ferkearsproblemen op de smelle tagongsdykjes. It Laaksumer haventsje is fan oarsprong in fiskershaven, mar wie ek yn gebrûk as skûlhaven. Skippen dy't eartiids by min waar har taflecht sochten yn de haven, wiene dêr foar dizze gelegenheid wer even te bewûnderjen.

Der waard ek in herinneringsplakkette ûntbleate mei ynformaasje oer de haven.

In fiskwedstriid gie fanwege it minne waar net troch. Dêrfoar yn 't plak waard no in westriid fokhisen holden.

Trefwurden: 
Laaksum
(Advertinsje)
(Advertinsje)