Keunstner skinkt skilderij oan feiling foar famylje Remon

15 jan 2018 - 14:24

De Ljouwerter keunstner Bonny Dijkstra skinkt in skilderij oan de donearaksje foar de famylje fan de ferstoarne Remon Bruinsma út De Westereen. Minsken kinne op it skilderij biede en de opbringst is bedoeld foar it ûndersyk nei de deadsoarsaak fan Remon dat de famylje sels dwaan litte wol. Remon wie fjouwer wike lang fermist, syn lichem waard op nijjiersdei fûn yn it wetter fan de Prinsetún yn Ljouwert. Earder waard bekend dat der alkohol yn it lichem fan Remon fûn is.

De famylje wol no sels ûndersyk dwaan litte en hat ek in advokaat nedich. Dat kostet in soad jild. Op de Facebookpagina fan de donearaksje is te sjen dat mear as 700 minsken al hast 9000 euro stoarten hawwe. Dêr komt de opbringst fan de feiling fan it skilderij fan Dijkstra noch by.
 

Trefwurden: 
Remon Bruinsma
(advertinsje)
(advertinsje)