Russyske bommewerpers boppe Waad ûnderskept

15 jan 2018 - 14:18

Belgyske F-16's hawwe moandeitemoarn by de Waadeilannen twa Russyske bommewerpers ûnderskept. Dêrby giene de Belgen troch de lûdsbarriêre, sadat yn it noardeasten fan Nederlân in knal te hearren wie. De Russen waarden ûnderskept om't der gjin radiokontakt mei har wie. Se binne begelaat rjochting Grut-Brittannië, dêr't twa Britske jachtfleantugen it oernaam hawwe.

De Belgen bewake op dit stuit it loftrom fan de Beneluks. Omdat har F-16's foar de weromreis bytanke moasten, is de fleanbasis Ljouwert wat earder iepengien as gewoanwei.

(advertinsje)
(advertinsje)