Ynsammelaksje brân Lichtpunt K'sweach smyt goed 5000 euro op

15 jan 2018 - 13:58

De aksje om jild yn te sammeljen foar de dupearren fan de brân yn Het Lichtpunt yn Kollumersweach hat 5.300 euro opsmiten. Bewenners fan acht apparteminten rekken alles kwyt by de brân yn desimber. Om jild yn te sammeljen is ûnder oare in krystfair hâlden. Ek lokale ûndernimmers skonken jild.

Elke bewenner krijt hast 700 euro. It jild wurdt tiisdei oan de dupearre bewenners oerlange. 

(advertinsje)
(advertinsje)