Dei sûnder gas út solidariteit mei Grinslanners

15 jan 2018 - 13:27

It is moandei de earste gasleaze dei. It giet om in inisjatyf fan Jorien Bakker fan Grins. Ferline wike die se de oprop oan minsken yn hiel Nederlân om op dizze dei gjin gas te brûken. Net itensiede op it fornús en ek de ferwaarming net oan. De aksje moat oproppe dat minsken sjen litte dat se solidêr binne mei de Grinslanners, dy't troch de ierdbevingen neffens har yn de kjeld stean.

Yn Fryslân wenje al in soad minsken sûnder gasoansluting. Sa ha de wenningen yn de nije wyk Súdlannen by Ljouwert gjin gasoansluting. Ek hieltyd mear partikulieren stappe oer. It Ljouwerter bedriuw Technea ferkeapet hieltyd mear pellettsjettels. Mei sa'n tsjettel ha je gjin gas mear nedich en besparje je boppedat jild.

Trefwurden: 
gas
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)