Klanten WMO-ferfier ûntefreden oer oanbieder Jobinder

Klanten fan it WMO-ferfier yn de gemeente Ferwerderadiel binne noch hieltyd bot ûntefreden oer de nije oanbieder Jobinder. Om in taksyrit oan te freegjen, hawwe de klanten in persoanlike pas nedich mei in nûmer, mar in soad WMO-klanten yn dy gemeente wachtsje noch hieltyd op harren pas. Dat betsjut dat elke rit apart oanfrege wurde moat. It learlingeferfier liket yntusken better op de rit te wêzen.
Spitich
Foarsitter Pytsje de Graaf fan mobiliteitssintrum Jobinder seit yn in reaksje dat se it bysûnder spitich fynt dat guon WMO-klanten noch hieltyd gjin paske hawwe. Se heakket der oan ta dat it tal klachten dat Jobinder krijt neffens har gegevens op it stuit hurd ôfnimt. Minsken dy't langer as in healoere op harren rit wachtsje moatte, moatte dat fuortendaliks melde, seit se, dan wurdt de saak oplost.