Plysje ûndersiket ferliezen hússikingsbefel yn Warten

© ANP
De plysje ûndersiket hoe't it kin dat in meiwurker yn Warten in hússikingsbefel ferlern hat. It telefyzjeprogramma Hart van Nederland melde sneintejûn dat ien fan syn ferslachjouwers dat befel fûn hat by it draaien fan in reportaazje oer in oar ûnderwerp.
De plysje hat yntusken kontakt hân mei de fertochte foar wa't it hússikingsbefel ôfjûn is en ek mei it slachtoffer. It soe dêrby gean om in sedesaak. De plysje erkent dat der in flater makke is.