Brêge by Ofslútdyk bliuwt iepen: ferkear moat omride

15 jan 2018 - 12:33

Ferkear dat moandeitemiddei fan Fryslân nei Noard-Hollân wol, moat rekken hâlde mei fertraging. Troch in steuring om it middeisoere hinne bliuwt de brêge by de Stevinslûzen by de Ofslútdyk iepen stean. Hoe lang't dat probleem noch duorje sil, is net bekend. Der stiet yntusken in file op de Ofslútdyk by Den Oever.

Ferkear rjochting Amsterdam wurdt yntusken advisearre fia Emmeloord te riden (fia de A7, A6 en A1). Ferkear rjochting Fryslân kin der wol lâns.

(advertinsje)
(advertinsje)