Stichting mei dochs Frysk brûke fan belestingtsjinst

15 jan 2018 - 12:21

De Stichting Frysktalige Oekumenyske Tsjinsten mei dochs as ANBI-organisaasje har belesting oanjefte dwaan. Dat is de útkomst fan oardel jier prosedearjen. De stichting rekke de status earder kwyt om't harren webside yn de Fryske taal wie, en net yn it Nederlânsk. Neffens de belestingtsjinst is dat in eask om yn oanmerking te kommen foar de ANBI-status. Dizze status is wichtich om't stipers fan de stichting dan harren jeften by de belesting yn mindering bringe kinne by de oanjefte fan de ynkomstebelesting. De stichting is bliid dat alles no wer "gewoan trochgean kin".

(advertinsje)
(advertinsje)