Bettere kânsen foar bern mei 'Gouden Hantsjes'

De Fryske skoallen foar praktykûnderwiis en de Fryske MBO's sille mear gearwurkje om kwetsbere learlingen in bettere kâns op betelle wurk te jaan. In protte minsken sille se wol kinne: de jonges en famkes dy't suver allergysk binne foar teoryboeken mar wol gouden hantsjes hawwe. Krekt dêrop wol dizze ûnderwiis-gearwurking him rjochtsje.
Tongersdei tekenje de skoallen in konvenant hjiroer, dêr't ek de lanlike pommeranten Paul Rosenmöller fan de VO-rie en Ton Heerts fan de MBO-rie by wêze sille. De Fryske skoallen dy't hjiroan mei dwaan sille binne ûnder oare de Zamenhof fan CSG Comenius yn Ljouwert, ROC Friese Poort, Nordwin College en it Friesland College.
De praktykskoallen en it MBO ûnderwiis prate mei-inoar ôf dat learlingen makliker de oerstap meitsje kinne moatte tusken harren praktykskoalle en it regulier MBO. In screening moat derfoar soargje dat dúdlik wurdt oft de learling nei MBO nivo 2 trochstreame kin, of dat de learling better te plak is op in wurkplak. Ek sil der in tariedingsprogramma ûntwikkele wurde, sadat bern leare kinne hoe't it ûnderwiis yn it MBO krekt wurket.