Tresoar siket aventoerlike skriuwer foar projekt Oare Wurden

© Tresoar
Foar it literêre útwikselingsprojekt Other Words/Oare Wurden siket Tresoar nei in Fryske skriuwer dy't de útdaging oandoart om kommende simmer acht wiken lang yn it Ierske Dublin te wenjen en te wurkjen. De auteur docht dêr ynspiraasje op, leit kontakten en nimt diel oan kulturele aktiviteiten. Fan de aktiviteiten hâldt hy of sy in ferslach by op ynternet. De skriuwer moat in plan yntsjinje mei wat hy of sy fan doel is te dwaan. It ferbliuw moat resultearje yn in literêr wurk fan maksimaal 5.000 wurden yn it Frysk. Gadingmakkers kinne oant 15 maart har foarstel yntsjinje. In sjuery beoardielet de foarstellen.
Oare Wurden
It projekt Other Words/Oare Wurden is in ynternasjonaal literêr útwikselingsprojekt. Doel is om in netwurk op te bouwen fan skriuwers yn lytse en minderheidstalen yn Europa. Njonken Fryslân dogge ek Baskelân, Ierlân, Slovenië en Masedoanië mei oan it projekt. Earder ferbleaune al Fryske skriuwers yn San Sebastián (Baskelân), Bitola (Masedoanië) en Maribor (Slovenië). Ek ferwolkomme Ljouwert al fjouwer bûtenlânske skriuwers. Al it wurk komt yn oersetting yn fiif talen op de webside fan Oare Wurden/Other Words en sil op termyn ferskine yn in boekwurk. Sjoch foar de funksje op de wiidweidige omskriuwing.