FIDEO: Waarman Gerrit Hiemstra:"We krije minder faak froast"

"Oer fyftich jier binne de winters minder faak kâld en krije we minder faak froast en snie en iis" dat fertelt NOS-waarman Gerrit Hiemstra. It skoaltelefyzjeprogramma Tsjek socht de Fryske waarman op de redaksje fan it sjoernaal op. It waar is alle dagen oars en it gemiddelde dêrfan is it klimaat. "It klimaat feroaret om't der mear broeikasgassen yn de atmosfear komme troch útstjit fan CO2 troch fabriken, auto's en kij. Dêrtroch waarmet de ierde op. Neist dat de winters dus minder kâld wurde, wurde de simmers waarmer."