IFKS tenei ek op snein oan it silen

Dit jier wurdt der foar it earst op snein skûtsjesyld troch de IFKS. De wedstriid by Starum wurdt op snein 19 augustus hâlden. De rêstdei wurdt dan ferset nei in dei letter yn 'e wike. Op dy dei kinne dan ek de wedstriden ynhelle wurde, dy't earder troch bygelyks min waar net trochgean koene.
De pleatslike kommisje dêr is wiis mei it beslút. "Super!" reagearret Age Bandstra. "Dit hiene we eins fuort al wollen. Of noch leaver: twa dagen sile by Starum op snein én moandei." Neffens Bandstra spilet de 'Godvrezendheid' fan de skippers ek net sa sterk by IFKS, like min as it trochbrekken fan in tradysje.
Gerda van der Pol fan Stavers Belang is wat oerfallen troch it nijs. Oan de iene kant begrypt se it beslút om't hieltyd mear saken ek yn Starum op snein spylje. Oan de oare kant is der ek noch in sterke kristlike mienskip, dy't dêr wat mear muoite mei ha sil. "Benammen as der fanwege de wedstriden toetere en ôfsketten wurdt ûnder tsjerketiid" Van der Pol ferwachtet lykwols net dat it wedstrydsilen op snein ta twaspjalt liede sil yn 'e stêd.
It revolúsjonêre beslút moat de wurkdruk ferleegje. It bestjoer hie earst de skippers om advys frege en hat dêrnei oerlein mei de wedstriidlieding, pleatslike kommisjes en de provinsje.