Haije Sybesma op 79-jierrige leeftiid ferstoarn

15 jan 2018 - 10:19

Ald-boargemaster fan Dongeradiel Haije Sybesma is sneon op 79-jierrige leeftyd ferstoarn. Sybesma begûn yn 1969 as boargemaster fan Zuidhorn yn Grinslân en waard yn 1976 boargemaster fan Dokkum, de foarrinner fan de lettere fúzjegemeente Dongeradiel. Hy wurke dêr oant 1999. Dêrnei wie Sybesma waarnimmend boargemaster fan de gemeenten Kampen. Hy makke dêr de moard op Maartje Pieck mei en die doe in oprop om it DNA fan alle Nederlanners yn in databank op te slaan.

Nei Kampen wie Sybesma noch tydlik boargemaster op Skiermûntseach. Sybesma hie dêrnjonken alderhanne funksjes op it mêd fan polityk, rjochtspraak, ûnderwiis en sûnenssoarch.

Trefwurden: 
Haije Sybesma ferstjerren
(advertinsje)
(advertinsje)