Weening fyfde yn Dauphiné

09 jun 2012 - 15:13

Hurdfytser Pieter Weening fan 'e Harkema is sneon fyfde wurden yn de 6e etappe fan it Critérium du Dauphiné. Weening fytste de lêste kilometers yn in groep fan tsien man, mei ûnder oare de Brit Bradley Wiggins en Australiër Cadel Evans. De winst gong nei de Kolombiaan Nairo Alexander Quintana Rojas, dy't it lêste ein allinnich oan kop gong. Evans waard twadde, folge troch de Spanjaard Daniel Moreno Fernandéz.

Snein stiet de lêste etappe oer 124,5 kilometer op it program. Wiggins giet yn it algemien klassemint oan 'e lieding.

Pieter Weening is tolfde op goed fjouwer minuten fan Wiggins. Lieuwe Westra moat mear as in healoere tajaan. Hy is 85e.

(advertinsje)
(advertinsje)