Harnzer mei 69 kilometer te hurd by kontrôle del

15 jan 2018 - 08:24

In 22-jierrige hurdrider út Harns is snein syn rydbewiis kwytrekke. De man ried by in laserkontrôle oan de Rykswei by Mullum del, en hie op dat stuit in snelheid fan 149 kilometer yn 'e oere, wylst 80 kilometer yn 'e oere dêr it maksimum is. De man mocht syn rydbewiis fuortendaliks ynleverje.

Trefwurden: 
plysje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)