Kollum: "Sjauffeur fan de rekken"

"Stel, ik wol myn badkeamer ferbouwe litte. Dêrfoar freegje ik trije ynstallaasjemonteurs om in offerte. De earste is fierwei de goedkeapste, mar komt út Limboarch. De twadde is op ien-nei de goedkeapste en komt út Fryslân, mar ik haw der noch nea fan heard. En de tredde is de djoerste, mar komt út myn eigen doarp en hat krekt de badkeamer fan myn buorman ferboud, dy't dêr tige wiis mei is. Welke kies ik dan?
Persoanlik sels soe ik foar de tredde kieze. Dy is dan miskien wat djoerder, mar wol tichteby en fertroud. En sa soe it by de measten fan jim rinne, tink ik. Leaver wat djoerder, mar wol goed as goedkeap en flutwurk. Utsein ast by de gemeente of de provinsje wurkest. Dan sjochst allinnich mar nei it kosteplaatsje. Alteast, dat is myn konklúzje as it om de oanbesteging fan it ferfier giet.
De ôfrûne wiken wie der hast alle dagen wol nijs oer bus- en taksysjauffeurs dy't it wurk delleine. Te begjinnen by de stakende taksysjauffeurs fan Taxi Waaksma ein desimber. Al jierren fersoarge Waaksma it ferfier yn Noardeast-Fryslân, mar by de nije oanbestegings waard dat oernaam troch in oar bedriuw. Mei as eask dat de sjauffeurs fan Waaksma ek oernaam wurde soene.
Dat waard dan ek 'netsjes' dien, wie it net dat de Waaksma-sjauffeurs oan de slach koene yn Emmen. Op eigen kosten moatte se alle dagen fan Noardeast-Fryslân nei Drinte ride, om dêr by de nije baas ek nochris minder te fertsjinjen. En dat allegearre fanwege de oanbesteging fan de gemeenten. Mar dy hâlde de boat ôf as der fragen komme oer harren ferantwurdlikheid.
"Nee", sei wethâlder Pytsje de Graaf, "hjir kin ik neat oan dwaan. Ik soe hiel graach ynfloed hawwe, mar dat sil no net slagje." Mei in ferûntskuldigjend fingerke wiisde se nei de CAO-ôfspraken dy't makke wiene. Op dizze ôfspraken hie sy gjin ynfloed, en dus liet se al dy sjauffeurs yn 'e stront sakje.
It nije jier wie noch mar krekt úteinset as de twadde staking yn de ferfiersbrânsj wie alwer in feit. Dit kear gjin taksysjauffeurs, mar bussjauffeurs. En net allinnich yn Fryslân, mar yn hiel Nederlân. Reden foar de staking wie de hege wurkdruk. Sjauffeurs moatte tsjinwurdich fjouwer oeren achterinoar ride sûnder dat se tiid hawwe om te pisjen. En moatte se tiid ynhelje, dan dogge se dat mar yn it eigen skoft. Dat soarget foar stress, om't de sjauffeurs der dus kontinu tsjinoan fleane moatte, wolle se yn it skoft in stikje bôle ite kinne.
Dy hege wurkdruk is net allinnich de skuld fan de ferfiersmaatskippijen, lykas Arriva, seine de fakbûnen. Ek de provinsje hat hjiryn in taak. Troch de provinsjale oanbestegings wurde ferfierders twongen om sa leech mooglik yn te skriuwen. De goedkeapste oanbieder wint nammentlik. En dus moatte sjauffeurs mar wat hurder wurkje. "Net wier", skodde deputearre Johannes Kramer syn holle. "Elk moat him hâlde oan de CAO-ôfspraken. Dêr sit de oerheid net tusken." Lekker maklik. Op 'e nij lit de oerheid de sjauffeurs stikke.
En ast tinkst dat alles hân hast, wie der foarige wike it berjocht oer de gaos dy't ûntstie by de earste dei fan it nije learlingeferfier yn - op 'e nij - Noardeast-Fryslân. Bern dy't nei it spesjaal ûnderwiis moatte, waarden te let of hielendal net ophelle om nei skoalle brocht te wurden. Boppedat hiene se samar ynienen in nije sjauffeur, wat by dizze doelgroep foar grutte ûnrêst soarget. Dy sjauffeur soe yn it foar delkomme om yn 'e kunde te kommen, mar dat wie net dien. Bange bern en lilke heiten en memmen as gefolch.
Silst mar sjauffeur wêze. Krigest al dy klachten fan klanten oer dy hinne. En dat wylst al de hiele dei in race tsjin de klok hast om oeral in bytsje op tiid te kommen. Gjin tiid om te pisjen, omdat dyn skema dan hopeleas yn de war rekket. En it meast frustrearjende fan allegearre: kinst der hielendal neat oan dwaan, want alles wurdt yn de heechste keammerkes besluten.
By de gemeenten en de provinsje hawwe se de mûle fol oer MVO; Maatschappelijk Verantwoord Ondernemen. Dêr wurdt kritysk nei sjoen by in oanbesteging. Mar neffens my giet dat fierder as de fraach oft in bus of taksy op ierdgas rydt. It giet oer dyn ferantwurdlikheid as oerheid foar minsken. Yn plak fan te koekeloeren nei it kosteplaatsje, soene gemeenten en provinsjes sjen moatte nei it gruttere plaatsje. Wat betsjut ús beslút foar de regio?
As boarger stek ik myn belestingjild leaver yn in wat djoerdere ferfierder, mar wol tichtby en fertroud as yn in ferfierder dy't syn wurknimmers it fel oer de earen strûpt. Dan mar wat mear jild kwyt. Want der is no mar ien dy't úteinlik de rekken betellet: ús sjauffeurs."