Jongerein op it plattelân hat faker in auto en rydbewiis

15 jan 2018 - 07:45
  • Marjolein Jaarsma fan it CBS

Mar 11 prosint fan de ynwenners fan Skiermûntseach tusken de 18 en de 30 jier hat in auto. Yn gjin inkele oare Nederlânske gemeente leit dat sifer sa leech. Dat docht bliken út sifers fan it Centraal Bureau voor de Statistiek. It hat foar in part te krijen mei de autofrije status fan it eilân. Al hawwe guon bewenners wol in auto op Skier.

It CBS hat sjoen nei hoefolle jongeren in auto en in rydbewiis hawwe. Dêrby falt op dat jongerein op it plattelân folle faker in rydbewiis en in auto hat as yn de stêd. En dat is net allinnich lanlik sa. Ek yn Fryslân sels is der in ûnderskied te sjen tusken Ljouwert en de rest fan de provinsje.

Yn Ljouwert hat mar 20 prosint in auto en 60 prosint hat in rydbewiis. Yn Dantumadiel hat bygelyks 80 prosint fan de jongerein in rydbewiis en 37 prosint hat in auto. De jongerein yn Achtkarspelen stiet mei 42 prosint boppe-oan as it om it hawwen fan in auto yn Fryslân giet. Fierwei de measte Fryske gemeenten sitte boppe of op it lanlik gemiddelde. Allinnich Ljouwert, Harns, Flylân en Skiermûntseach sitte dêr ûnder.
 

(advertinsje)