Asbest frijkaam by brân Wolvegea

15 jan 2018 - 06:35

By in brân oan de Van Helomaleane yn Wolvegea is yn de nacht fan snein op moandei asbest frijkaam. De brânwacht waard om twa oere hinne oproppen foar in brân yn in frijsteande garaazje. Doe't de brânwacht oankaam, sloech it fjoer al út it dak. De brânwacht koe foarkomme dat it fjoer oerslaan koe nei in flat. In spesjalisearre bedriuw sil it asbest opromje.
 

Trefwurden: 
brân Wolvegea
(advertinsje)
(advertinsje)