Twa sjalets yn flammen op yn Noardburgum

15 jan 2018 - 06:28

Yn Wetterpark Zwartkruis by Noardburgum hawwe moandeitemoarn twa sjalets yn'e brân stien. De ôfstân tusken dy sjalets is sa'n hûndert meter. De brânwacht seit dat beide sjalets as ferlern beskôge wurde moatte. Der is hurd wurke om foar te kommen, dat it fjoer oerslaan koe nei noch in tredde sjalet.

Beide sjalets stiene op de rol om letter dit jier sloopt te wurden. It gas en elektra wie fan 1 jannewaris dit jier ôfsletten. De sjalets moatte plakmeitsje foar stiennen rekreaasjewenten. 
 

Trefwurden: 
Wetterpark Zwartkruis
(advertinsje)
(advertinsje)