UNIS Flyers ferliest flink yn België

14 jan 2018 - 22:21

De iishockeyers fan de UNIS Flyers hawwe sneintejûn yn België mei 8-2 ferlern fan Herentals. Yn de earste perioade kaam de thúsploech op in 2-0 foarsprong, mar krekt foar de earste break makke Marco Postma noch wol in goal foar de Flyers.

Nei de twadde perioade ferdûbelen beide ploegen de skoare, sadat der in 4-2 foarsprong op it boerd stie foar Herentals. Yn it lêste part fan de wedstriid koenen de Feansters net mear de oansluting fine. Herentals rûn sels út nei 8-2.

Trefwurden: 
UNIS Flyers iishockey
(advertinsje)