Van Gerner nei finale brêge

Celine van Gerner (argyf) © ANP
Turnster Céline van Gerner hat har by de Challenger Cup yn it Belgyske Gent as earste pleatst foar de finale op it ûnderdiel brêge. De turnster fan turnskoalle Hearrenfean sette sneon in poerbêste oefening del en kaam út op in skoare fan 14,625 punten. De Tsjechise Jana Sikulova pleatste har as twadde mei 14,375 punten. De Sweedse Jonna Adlerteg einige as tredde mei 14,275 punten.
Letter op de dei pleatste Van Gerner har ek foar de finale op 'e balke. Snein striidt se mei acht turnsters om it goud.