Ynformaasje oer sedesaak mei minderjierrige op strjitte

14 jan 2018 - 22:13

De Fryske plysje hat yn Warten in hússikingsbefel mei gefoelige ynformaasje oer in sedesaak mei in minderjierrige ferlern. Dat meldt it telefyzjeprogramma Hart van Nederland sneintejûn. In ferslachjouwer fan dat programma fûn it papieren hússikingsbefel by it draaien fan in reportaazje oer in oar ferhaal.

Op it dokumint stiet dat de hússiking op in oar plak yn Fryslân dien waard, fanwegen mooglike ûntuchtige hannelingen mei in minderjierrige. Der stiet in soad persoanlike ynformaasje oer de fertochte op it papier, en ek dat de plysje de man arrestearje soe.

Neffens Hart van Nederland hat in agint it befel nei alle gedachten ferlern. In wurdfierster fan de plysje soe fernuvere reagearre ha. Neffens har hie soks nea barre moatten. De famylje fan de fertochte soe skokt wêze troch de flater fan de plysje.

(advertinsje)
(advertinsje)