Man stekt oare man mei mes del

09 jun 2012 - 14:33

In 50-jierrige man út Snits is freedtenacht yn syn wenplak oanholden fanwege besykjen ta deaslach of moard. De fertochte hie earder op de jûn yn it hûs fan syn eks-freondinne in man delstutsen.

De 50-jierrige waard letter yn syn eigen hûs oanholden. It slachtoffer is nei it sikehûs brocht. De oanlieding moat neffens de plysje socht wurde yn de relasjonele sfear.

Trefwurden: 
Snits mes
(advertinsje)
(advertinsje)