Bobsliders santjinde by wrâldbeker yn Sankt Moritz

ANP
De Nederlânske fjouwermansbob fan Ivo de Bruin is snein as santjinde einige by de wrâldbekerwedstriid yn Sankt Moritz. De Bruin, mei yn syn team ek Jeroen Piek fan It Hearrenfean, einige yn de earste run as njoggentjinde en sette dêrnei de fyftjinde tiid del. De oerwinning gie yn 2.08.42 nei it team fan de Dútske piloat Johannes Lochner. Hy bleau de bob fan lângenoat Francesco Friedrich mei 0.14 sekonden foar. It brûns yn Sankt Moritz gie nei it Kanadeeske team.
De Nederlânske bobsliders koenen har al net mear pleatse foar de Olympyske Spelen yn Pyeongchang.