Sjinkie Knegt: ''Ik wie hjoed de baas op it iis''

14 jan 2018 - 17:09

''Ik wie hjoed de baas op it iis.'' Dat sei Europeesk kampioen shorttrack Sjinkie Knegt fan Bantegea sneintemiddei nei ôfrin fan de wedstriden yn Dresden. Knegt waard foar de tredde kear Europeesk kampioen shorttrack en pakte ek noch goud mei de ôflossingsploech. ''Ik haw fiif goeie ôfstannen delsetten'', fertelt er. ''De wize wêrop, hoe't it riden gie, dat wie prachtich. De 500 meter en de ôflossing wienen fenomenaal. Ik bin der hiel bliid mei.''

Dochs sjocht Sjinkie Knegt noch ferbetterpunten: ''Ik moat soargje dat ik nei in dei folslein reedriden wer fit wêze kin''. De shorttracker tinkt dat se dit wykein oan de oare lannen sjen litten hawwe dat Nederlân meidwaan kin om de prizen.

Finaleweardich op 'e Spelen

''Wy moatte der noch ien skepke boppe-op dwaan, en dan binne we finaleweardich op de Olympyske Spelen'', neffens Knegt. ''Ik hoopje dat se allegear hiel bot skrokken binne, en dat se rekken mei ús hâlde. Dan kin it foar ús hiel moai wurde!''

(Advertinsje)
(Advertinsje)