Mathieu van der Poel wint NK fjildriden yn Surhústerfean

Mathieu van der Poel hat sneintemiddei opnij in nasjonale titel wûn by it fjildriden yn Surhústerfean. De 22-jierrige fjildrider wie fierstente sterk foar de konkurrinsje. Van der Poel ried sawat de hiele wedstriid allinne oan kop. Lars van der Haar einige op ien minút en tsien sekonden efterstân as twadde. It brûns hie nei David van der Poel, de âldere broer van de winner.
Ek yn 2015, 2016 en 2017 wie Van der Poel de bêste op it NK. It Nederlânsk kampioenskip waard dit jier foar it earst yn Fryslân hâlden. Sneon gie de Nederlânske titel by de froulju nei Lucinda Brand.