Nesser tsjin beam by Akkrum

09 jun 2012 - 14:27

In 42-jierrige ynwenner fan Nes Boarnsterhim is freed ferwûne rekke by in ferkearsûngelok. De bestjoerder hat nei alle gedachten mei syn auto en oanhingwein slingere en is doe de macht oer it stjoer kwytrekke. Hy kaam op de Meskenwier by Akkrum tsjin in beam ta stilstân.

De man moast troch de brânwacht út de auto helle wurde. Hy is oerbrocht nei it sikehûs yn Ljouwert.

Trefwurden: 
beam Akkrum Nes
(advertinsje)
(advertinsje)